You are here: Home

Wolkom op de webstek fan it Netwurk fan Skoallen

It Netwurk fan Skoallen is in netwurk fan meartalige skoallen yn minderheidstaalgebieten yn Europa. It netwurk biedt in platform foar it útwikseljen fan ynformaasje tusken learkrêften en oplieders. Alle skoallen dy’t lid binne fan it netwurk binne fêstige yn in gebiet yn Europa dêr’t in minderheidstaal brûkt wurdt neist de nasjonale taal. De skoallen brûke en ûnderwize de taal yn it ûnderwiis.

It Netwurk fan Skoallen wol it kontakt tusken de skoallen en harren learlingen oanmoedigje en gearwurking yn (mienskiplike) projekten befoarderje. Op dy wize kinne de minsken yn direkt kontakt fan elkoar leare.

Oanmelde by it Netwurk